Namme: Ytsje van der Bij-de Haan
Adres: Stationsstrjitte 13
Wenomstannichheden: Mei myn man Reinder en ús twa bern Thys en Mare.
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Ik wenje myn hiele libben al yn Ferwert.
- Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam?
Ik bin berne yn 1981 op de Havenstraat en haw myn hiele libben yn die strjitte wenne, sûnt 2002 wenje ik hjir op de Stationsstrjitte.
- Hoe foldocht it wenjen hjir?
It wenjen befalt hjir poerbêst. Salang as wy mei elkoar der foar soargje dat it doarp leefbaar en levendich bliuwt sjoch ik gjin reden om út Ferwert wei te gean.
- Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
Wy hawwe in leuk buurtsje, sist yn it midden fan it doarp mei alle foarsjennigen tichtby. De hûzen binne rûn 1980 bouwt en besteane út sawol keap as hierwenten.
- Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
Dan dochs de seedyk, hjir kin ik geniete fan de rûmte, de stilte en de natoer.

- Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
Ik bin tefreden mei it doarp sa at it is. Wol is it spytig dat ik soms merk dat de ‘saamhorigheid’ fier te siikjen is. It is moeilijk om de hollen allegear deselde kant út te krijen. In foarbield is it tegearre gean fan de basisskoallen yn it doarp.
- Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Wy as gesin binne fan in soart ferienigingen lid yn it doarp. Doarpsbelang, Fuotbal , Keatsen, Gymnastiek.
- Wat mist noch yn Ferwert?
It ienige wat ik betinke kin is in multifunctioneel sintrum wer‘t alles byelkoar sit en wer‘t je eveneminten organiseare kinne. Wy organiseare yn it doarp 2 x yn it jier in kledingbeurs en no ha we in moai plak yn it wzc Foswert, mar dat hat eins dochs in oare bestimming!
