Leden en jeugdleden fan K.V. Foswert: Woansdei 25 april is it wer safier; de jiergearkomste foar alle leden fan K.V. Foswert. Graach wolle wy as bestjoer jimme fan herte útnûgje foar de dizze gearkomste yn de kantine fan v.v Wardy. Jimme fine de wurklist foar dizze gearkomste hjirûnder.
Der binne in tal saken dy’t oan ‘e oarder komme sille op woansdei 25 april sa at jimme sjen kinne op de wurklist. K.V. Foswert bestiet dit jier alwer 92 jier. It is dan ek ien fan de âldste keatsferienings fan Fryslân. Hjir kinne wy grutsk op wêze!
Mar jo moatte as feriening wol mei de tiid mei gean. Dêrom wolle wy dit jier in pear dingen wat oars oanpakke. Sa stiet der dizze simmer in keatspartij op snein op it programma. Wy wolle as bestjoer graach op de jiergearkomste witte wat jimme dêr fan fine! Ek wolle wy it meiinoar hawwe oer de takomst fan ús feriening by de KNKB. En ek op bestjoerlik mêd sil der dit jier it ien en oar feroarje.
Dit, en noch folle mear, sil besprutsen wurde op de jiergearkomste.
Do bist lid fan ús moaie feriening, dus wy nûgje dy graach út om mei te tinken hoe’t wy mei syn allen foarút kinne. Ek âlden fan jeugdleden binne fansels tige wolkom. Want sis no sels, keatsen is dochs ien fan de moaiste (Fryske) sporten dy’t der is!
Nei ôfrin fan de gearkomste is der fansels tiid foar in hapke en in drankje. Graach oant sjen op woansdei 25 april!
Bestjoer K.V. Foswert
