De kantoaren fan de Rabobank yn De Westereen, Ferwert en Kollum geane definityf ticht. De festigingen wiene al sletten sûnt it begjin fan de coronakrisis, mar geane no hielendal net mear iepen.

raboFerwert
Rabobank yn Ferwert- Foto: Google Street View

Der kamen al hieltyd minder klanten, omdat de measte minsken yntusken de banksaken sels regelje fia ynternet. De kantoaren hiene op termyn al slute sild. Troch de coronakrisis barde dat earder as pland.

Wa't gjin beskikking hat oer in kompjûter kin in berop dwaan op mobile adviseurs. Dy komme - coronaproof - by minsken thús om te helpen mei it regeljen fan destige banksaken as dat nedich is.

De kantoaren yn Drachten, Dokkum, Surhústerfean, Burgum en Damwâld en op It Amelân bliuwe iepen.

bron: Omrop Fryslân
0
0
0
s2smodern