De doarpen Moarre-Ljussens en Lytsewâld binne de winners fan de priisfraach ‘Erfgoed Deal Waddenkust Kleigoed’. Beide doarpen makken bysûndere plannen foar leechsteand of fertutearze erfgoed yn harren doarp. De plannen geane oer foarsjenningen dêr't toeristen of oare gasten ferbliuwe kinne. De doarpen Ferwert en Sint-Jabik einigen op de plakken twa en trije. Alle fjouwer doarpen krije it maksimale bedrach fan € 200.000,- foar de útfiering yn it foarútsicht.

Moarre-Ljussens makke in plan om yn it eardere suvelfabryk De Dongeradelen trettjin apparteminten te bouwen. Dat bart op sa'n wize dat de skiednis fan it suvelfabryk sichtber bliuwt. Neffens de sjuery kin it inisjatyf foar it swier fertutearze gebou rekkenje op in soad draachflak yn it doarp. Lytsewâld makke in plan foar de Kop-Hals-Romp pleats De Steenharst dy't fan hast alle kanten fan fierôf sichtber is. It sil rekreatyf ûnderdak biede oan groepen en húshâldings. By Sint-Jabik giet it om de wettertoer en yn Ferwert om de eardere herberch en brouwerij.

De prizen waarden troch deputearre Klaas Fokkinga yn de Aerden Plaats yn Aldebiltsyl útrikt. “Ik fyn dat it fjouwer kwalitatyf prachtige plannen opsmiten hat. En dat nei in hiel moai proses wêryn’t doarpsbewenners, eigeners fan de gebouwen, inisjatyfnimmers, oerheden en saakkundigen mei-inoar gearwurkje”, neffens Fokkinga. De doarpen waarden stipe troch saakkundigen fan Partoer, Kenniscentrum Herbestemming Noord, Toerisme Alliantie Fryslân/Ynbusinesss en in arsjitekt. De eigeners fan de gebouwen krije no de gelegenheid in definitive subsydzje oan te freegjen.

De sjuery priizget de moed fan de inisjatyfnimmers. “Sy dogge pionierswurk. En dus fertsjinje sy bûtengewoane wurdearring. Boppedat hawwe frijwilligers fan de lokale Dorps Ontwikkel Maatschappijen (DOM) en doarpsbelangen dat dien út leafde foar it eigen libbensfermidden”, sa seit sjueryfoarsitter Oeds Westerhof.

Waddenkust K(l)eigoed is in projekt út de lanlike Erfgoed Deal dy't ûndertekene is troch oerheden en maatskiplike organisaasjes. Ut de Erfgoed Deal wei wurde projekten finansjeel stipe dêr't erfgoed in bydrage yn leveret oan de grutte romtlike opjeften. Bygelyks troch it yn goede banen lieden fan de effekten fan krimp yn beide neamde gemeenten. Dêr slút it projekt Kleigoed op oan. Erfgoed bliuwt sa behâlden, leveret in bydrage oan leefberens én stimulearret de toeristysk-ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet.



Bron: provinsje Fryslân
0
0
0
s2smodern