Hilda Buursma-de Jong

Namme: Hilda Buursma-de Jong
Adres: Hoofdstraat 48
Wenomstannichheden: Mei myn man Kees, soan Jonne en dochter Sanna.

      

      


  • Sûnt wannear wennest yn Ferwert? 
    Ik wenje sûnt 1988 yn Ferwert.

  • Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam? 
    Ik bin berne yn’e –saneamde-  Foksegatten yn in doarp dat net mear bestiet: Dantumawoude, hjoeddeis Damwâld. Kees is in berne Ferwerter en wy koenen in leaf húske krije oan’e Nijebuorren. Dat ha wy dus dien.

  • Hoe foldocht it wenjen hjir?
    Poerbêst.  
  • Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
    Ús hûs stiet oan’e Hoofdstraat yn it sintrum fan it doarp en hat hiel lang in winkelpand west. It plantsoen neist ús wie eartiids in haventsje, spitich dat dat net mear sa is.
     
  • Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
    It moaiste pleintsje fan Fryslân: it Vrijhof! 

  • Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp? 
    D’r hoecht neat oan it doarp feroare te wurden; wy moatte mei syn allen d’r foar soarchje dat wy it doarp sa hâlde!

  • Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
    Ja, fan ferskate. Û.o. de PAFH, it Nut, buertferieniging “Op’e Terp” en in pear sport- en belangenferienigingen.
  • Wat mist noch yn Ferwert?
    Op dit momint fansels it doarpskroechje en in gesellich terras.

  • Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
    Yn’e fiif jier dat ik no bestjoerslid bin fan de PAFH ha ik safolle meimakke, dat ik d’r wol in blêd mei folskriuwe kin, mar as my dat troch eltsenien yn dank ôfnommen wurde sil… (-; Mar ik tink wol mei in hiel waarm gefoel werom oan it doarpsfeest fan 2013 (it 60-jierrich jubileum fan de PAFH) en dan yn it bysûnder oan de geweldiche optocht mei as thema de jierren ‘50/’60. Ek mei de bandleden fan coverband “Freeway”, myn folleybalfreondinnen en yn ús freonenploechje ha wy al in protte moaie mominten meimakke.

 

De bewoner die deze maand in de spotlight staat mag de pen doorgeven aan een andere inwoner van Ferwert (geen oud-inwoners). Dit kan natuurlijk iemand zijn die je al goed kent, maar net zo goed iemand die je niet kent. Iemand van wie je altijd al eens wat meer zou willen weten!

Hilda wil de pen graag doorgeven aan Janna van der Lep

Binnenkort neemt de redactie van Ferwert Online daarom contact op met Janna!

 

{loadposition sharethis}