Janna van der Lep-Riemersma

Namme: Janna van der Lep-Riemersma
Adres: Kleasterwei 6 
Wenomstannichheden: Ik bin troud mei Frits en mem van Dirk

      


  • Sûnt wannear wennest yn Ferwert? 
    Ik bin yn 1992 yn Ferwert te wenjen kommen.

  • Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam? 
    Wy sochten destiids yn dizze omkriten in keapwenning mei in grut hok foar de motors en auto fan ’e rydskoalle dy’t wy hienen.

  • Hoe foldocht it wenjen hjir?
    It foldocht my best. Yn ’e begjinjierren moast ik wol wenne (ik bin opgroeit yn it midden fan Fryslan), mar dat is goed slagge.  
  • Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
    Wy wenje yn in frijsteand hûs mei in grut hok. Foarhinne wie dit in timmerbedriuw. We ha der yn’e rin fan ’e jierren ridlik wat ferspikere. 

  • Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
    Dan kom ik – krekt as in protte oare minsken yn it doarp – toch ut by it Vrijhof. It is in prachtich plakje.

  • Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp? 
    Ik fyn it spitich dat it Vrijhof sa fol mei auto’s stiet.

  • Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
    Ik bin lid fan it volleybalteam fan Ferwert, fan ’e EHBO-feriening fan ’e gemeente, fan ’ e PAFH en buertferiening Spoorslag.
  • Wat mist noch yn Ferwert?
    In terras op ’e hoeke by it Gemeentehûs of op it Vrijhof, mei derby in soart fan kroechje.

  • Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
    Der wurdt yn Ferwert fan alles organisearre. Dat makket in doarp libbend. Hulde oan de minsken dy’t har hjir foar ynsette.

 

De bewoner die deze maand in de spotlight staat mag de pen doorgeven aan een andere inwoner van Ferwert (geen oud-inwoners). Dit kan natuurlijk iemand zijn die je al goed kent, maar net zo goed iemand die je niet kent. Iemand van wie je altijd al eens wat meer zou willen weten!

Janna wil de pen graag doorgeven aan Marjanne Zuidema-van der Woude

Binnenkort neemt de redactie van Ferwert Online daarom contact op met Marjanne!

 

{loadposition sharethis}