Op 6 november 2015:
Toanielferiening Pro Rege Holwert spilet freed 6 novimber foar jim:
“Dizze frou is jo man”
Oanfang 20.00 Woonzorg Centrum Foswert yn de seal ”út en thús”, Ferwert
Tagong: €7,50
It stik yn it koart:
Annie Zuiderhorn, hat jierrenlang allinne wenne mei har dochter, Amanda. Mar no is sy fereale op Pierre Reijnders. Pierre wennet sûnt koart by har yn.
Dochter Amanda moat neat fan Pierre ha en de sosjale tsjinst mei neat fan Pierre witte, oars komme de útkearings fan Annie en Amanda yn gefaar.
Mar ja…dan komt de kontroleur fan de sosjale tsjinst op besite. Hy mei neat fan Pierre witte. Annie wit net hoe at sy hjir mei oan moat. Mar Amanda makket dankber misbrûk fan de omstannichheden. As de buorlju harren der ek noch mei bemuoie soarget dit foar komyske sitewaasjes…..
Nei ôfrin sil der in ferlotting hâlden wurden mei moaie prizen.
Pro Rege winsket jimme in tige noflike foarstelling!

{loadposition sharethis}