Namme: Doete Jouta
Adres: de Wjuk 7
Wenomstannichheden: Ik wenje hjir mei Hans en Rixt en Berber
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Yn 1993 binne we yn Ferwert te wenjen kaam. We ha doe it hûs fan Buursma kocht oan de Haadstrjitte. Dat wie de radiosaak. - Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam?
Ik kom út de greidhoeke en letter ferhúze nei Holwert. Doe bin ik Hans tsjin kaam en omdat Elske op komst wie binne we yn Ferwert bedarre. - Hoe foldocht it wenjen hjir?
It wennet hjir frij en rûmtlik. Dat befalt my wol. - Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
We binne gauris ferhúze yn Ferwert. Earst oan de Haadstrjitte, doe oan de Kleasterwei( it KI gebou) en dêrnei oan de Molenlaan (it hûs fan de generaal). Mar omdat Hans oer in wurpleats beskikke mat, ha we yn 2008 op it bedriuwenterrein in houten hûs mei loads bout, wêr at it komfort foarop stie. Dat is slagge. In wurkpleats mei flierferwarming, in fantastysk ysolerend hûs en sûnt koart, enerzjy neutraal. En dat foldocht tige goed. - Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
Ferwert hat in rykdom oan moaie plakjes. It Frijhof, it paad om it tsjerhôf, de iisbaan oan it spoar. Ek de folkstúntsjes fyn ik moai. Ik ha net spesifyk in plak.
- Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
De krimp leit op de loer, dêr matte we wol hiel bot om tinke. Dus is de middenstân hiel belangryk. At der op strjitte neat mear gebeurt, wurd it wol hiel leech en keal yn it doarp. En de kroech mist fansels bij uitstek. - Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Ik bin lid fan de keats- en de tennisklup. Mar eins is dat mear donere, dan aktyf. De iisklup en PA fansels. De bern fan Wardy en SVKV. Dat is it sa’n bytsje. - Wat mist noch yn Ferwert?
Ik fyn dit in moeilike fraach. Want wat misse je no. Oan’t no ta ha we it measte noch wol yn Ferwert. Miskien mis ik noch wol it measte dat de Ferwerter grutsk is op Ferwert. Ik fiel net dat wannear at in sporter bygelyks útkomt foar Ferwert, dat se dan in bytsje groeie om it doarp te fertsjinwurdigjen. Soe dit al sa wêze, dan giet it publyk(it doarp) ek mei yn dy grutskens en is der mear moochlik. Nim no Teade de Jong, dy is Nederlâns kampioen windsurfen. Unyke prestaasje! Dy mat minstens op de karre troch it doarp……(bij wize fan sprekken) Dêr matte we hiel grutsk op wêze. Dat is toch moai! - Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
Ik mat tinke oan de ferhúzing fan Op’e Trije. En dan noch it measte oan de grutte treurwylg bij de fifer, dy’t it ûnderspit delfe moast foar it nije. Sa sil it wol wat bliuwe, it fertroude makket plak foar wat oars. Wol symboalysk.
De bewoner die deze maand in de spotlight staat mag de pen doorgeven aan een andere inwoner van Ferwert (geen oud-inwoners). Dit kan natuurlijk iemand zijn die je al goed kent, maar net zo goed iemand die je niet kent. Iemand van wie je altijd al eens wat meer zou willen weten!
Doete geeft binnenkort aan ons door aan wie zij de pen graag wil doorgeven.
{loadposition sharethis}