Winterske plaatsjes fan Ferwert

Ha jo noch winterske foto’s makke yn Ferwert de lêste tiid??

It liket der op dat de winter al wer nei har ein rint, as we de waarberjochten leauwe meie. Wintersk waar smyt faak moaie plaatsjes op! Graach wolle wy de site opfleurje mei foto’s fan in wintersk Ferwert. 

De redaksje fan Ferwert Online is dêrom op syk nei moaie, kâlde, ferrassende winterfoto’s fan Ferwert; makkest noch in leuke foto of hast der noch ien stjoer dy dan nei info@ferwertonline.nl. Wy sille se dan der op sette!

 

winter2016

{loadposition sharethis}