Durk Hofman út Ferwert, wurksaam as elektrisjen en basgitarist by Get Back, hat syn earste boek skreaun en yllustreare. It hat as titel “De aventoeren fan Sopjurk en Drollevanger” krigen.

“Dyn pyama liket wol in sopjurk en in drollevanger”, seit de freondin fan Durk.
“Dat soe in moaie titel wêze foar in berneboek”, laket er. Dat is hoe it ungefear in jier ferlien allegear begon is. De âlde pyama is ynmiddels yn de swarte kontainer bedarre, mar it idee om der in boek oer te skriuwen kryg hieltyd mear foarm. Dat slagge sels sa goed dat se der by útjouwerij Boekscout yn Soest wol in boek fan meitsje woene. Dat dit folledich yn it Frysk is, wie gjin probleem en foenen se sels wol in moaie útdaging foar harrensels.
“De aventoeren fan Sopjurk en Drollevanger” is in grappich berneboek wurden wat op oare mominten ek wer hiel spannend is. It duo belibbet de wyldste aventoeren yn it lytse húske fan pakke en beppe en yn de twadde helft gean se op syk nei in echte skat. It is bedoeld foar bern fan in jier as 10, mar eins is it in moai ferhaal foar eltsenien. Ek kin it troch de koarte haedstikjes prima foarlêzen wurde oan jongere bern.
It boek is te keap by Warenhuis Pynacker en op de side www.boekscout.nl.

{loadposition sharethis}