Utnoeging Farwol Ferwerderadiel

FarwolFerwerderadiel

Utnûging
Graach nûgje wy jimme út om by de offisjele iepening fan de fototentoanstelling “Farwol Ferwerderadiel” oanwêzich te wêzen. De opset is om mei foto en film fan doe nei no ôfskied te nimmen fan de gritenij Ferwerderadiel. Wy binne ynnommen dat deputearre Joh. Kramer de ôftraap ferrjochtsje sil. Evert Wilstra hat prachtige foto’s makke dy’t it ferhaal fertelle oer de minsken en it lânskip fan Ferwerderadiel. Derneist is it dokumintaasjesintrum aktyf mei âlde films en foto’s.

Datum: freed 2 novimber 2018
Tiid: om 14.00 oere.
Plak: besikerssintrum TERP Hegebeintum, Pypkedyk 4

Wy sjogge út nei jimme komst!

It bestjoer fan de Stichting Rekreaasje en Toerisme yn de gemeente Ferwerderadiel.