Maitiidkonsert Friersk

Snein 7 april 2019 om 15.30 oere yn ‘e tsjerke fan Hegebeintum.

As ôfsluting fan dit Nut-seizoen wurdt in maitiidkonsert jûn yn de grutte “húskeamer” op de heechste terp fan Fryslân. In middei mei topmuzikanten mei de namme Friersk. ‘Gjin Frysk, gjin Iersk mar Friersk’ Priuw de sfear fan Ierske kusten en Fryske greiden. “Friersk” hjit de nije groep fan Chris Kalsbeek. Se bringe Fryske poëzije en Ierske melodijen by elkoar en meitsje dêr op orizjinele wize in bysûnder muzikaal gehiel fan. Beart Oosterhaven skreau op www.ensafh.nl; “Mei syn tredde solo-cd, Friersk, hat sjonger/multy-ynstrumintalist Chris Kalsbeek ien fan ’e moaiste albums út ’e skiednis fan ’e Fryske folkmuzyk ôflevere!

Nei ôfrin is der tiid om efkes gesellich te praten ûnder it genot fan in drankje yn it lokaal.

Lokaasje : Tsjerke Hegebeintum
Oanfang : 15.30 oere
Yntree : € 12,50 foar leden, € 15,00 net-leden
Nim sa folle mooglik famylje en freonen mei en kom op tiid!
Friersk