Op snein 5 jannwaris om 11.00 oere yn It Anker:
Frânske en Fryske Sjansons
In practich konsert mei Frânske ferkes en Fryske sjansons fan ûnder oare Fugain, Brel, Shaffy, Zwerver en Alderliefste. Gerard Alderliefste en Geartsje Zwerver ha elkoar fûn yn de leafde foar taal en muzyk.
Hy wurde tegearre mei topartysten Liesbeth List en Ramses Shaffy. Mei Geartsje Zwervver is Gerard Alderliefste op ‘e nij in bysûndere kombinaasje. Sy sjongt yn it Frysk en hy yn it Frânsk. Dizze twa sjongers en gitaristen bringe tegearre in bysûnder en ûnferwachts programma. Eigen wurk en eigensinnige ynterpretaasjes fan sjansons, fan ûnder oare Jacques Brel, Michel Fugain en Alice Donna, sille elkoar ôfwikselje.
In hertferwaarmjend Frânsk-Frysk konsert wêry in ferbân lein wurdt tusken dizze twa talen.
En fierders it jieroersjoch troch in pear leden fan It Nut. Wa sil it dizze kear wêze?
De yntree is € 12,00 foar leden en € 15,00 foar net-leden.
It bestjoer fan It Nut: Albert, Frederike, Ineke, Janneke en Anja
