OKK (Oefening Kweekt Kunst) pakt yn it wykein fan 7 en 8 febrewaris 2020 goed út!
Op’t stuit binne der sa’n 20 spilers ûnder rezjy fan Binne Reitsma oan it repetearen om yn febrewaris trije ienakters oan Ferwert en omkriten sjen te litten. Der wurdt spile op trije ferskillende lokaasjes. Fansels kin noch net alles ferklapt wurde. Mar dat de trouseal fan it gemeentehûs yn Ferwert tydlik in oare bestimming krijt is wis. De oare twa lokaasjes bin op rinôfstân en foar de minderfalide is in oare oplossing.
OKK is oprjochte yn 1919 as resitear selskip. Yn dy tiid wie soks tige “yn”! It wie sa regele dat der altyd 5 sprekkers wiene dy’t ferplicht wiene in foardracht te dwaan. Nei it skoft kamen de frije foardrachten oan bod. Faaks wiene de foardrachten yn’t Nederlansk mei titels as bygelyks,
Het Bedelaarskind, De Zelfmoordenaar, Moederliefde
Inkele Fryske titels binne, De liepe tsjinstfaam, Oant Mounedykje, In Fersteurde frijerij
De foarsitter die faaks de beoardieling, “gejaagdheid” wie it grutte probleem. Men moast mei ferdrach resitearje!
Om’t OKK yn’t 100e jier sit is der in bysûndere jubileumfoarstelling. Freed 7 febrewaris is elts wolkom fanôf 16.00 oere yn OBS Op’e Trije yn Ferwert om dêr de eksposysje 100 jier OKK te sjen.
Om 18.30 oere sil Aan Westra it programma offisjeel iepenje en giet elts nei de ferskate lokaasjes ta.
Underweis sa no en dan in hapke en drankje en nei ôfrin muziek fan Sander Metz yn OBS Op’e Trije.
De kaarten foar de foarstellings bin € 17,50 yn’e foarferkeap en kinne jo bestelle fia OKKtoneelFerwert@gmail.com of 06-25132378 ( Hanneke Jouta )
Op sneon is der ( sa mooglik ) ek in foarstelling. Dizze is dan sûnder foar- en neiprogramma en kinne jo op deselde wize reservearje. Kosten € 12,50 yn’e foarferkeap.
Dit spektakel mei jo net misse!!