It Anker mear as 80 jier lyn

Fan frou Boersma – ien fan de folgers fan Ferwert Online – in ynkommen stik oer it Anker hoe it eartiids wie:

Doe net it Anker mar “de bewaarskoalle” fan juf Klazenga, yn ús eagen in âlde frou mei in sipeltsje yn’t hier.
It sil in soart fan berneopfang west ha. Wat wy der allegear dienen, wit ik net mear, mar in pear dingen ha ik al ûnthâlden:

  • It matsje fljechtsjen: strookjes kleurt papier riuwe troch in wyt papieren matsje.
  • It boartsjen yn de grutte sânbak mei yn it midden (sjoen troch berne-eagen) in hiel grutte beam.
  • De famkes hienen skelkjes foar, de jonges wit ik net mear. Der seagen wy doe noch net nei.
  • Hichtepunt wie it sinterklaasfeest. De kadootsjes fansels (ik krige in wyt gazen sekje mei kleurige glêzen knikkerts.
  • It mooiste wie it foarlêzen sa’n dei. In frou út it doarp lies in ferhaal foar. Ik sjoch har noch foar my: in mooie frou mei prachtich golfjend wyt hier. As ik it goed ha, wie dat de frou fan timmerman Hiemstra.

Nei sa’n lange middei wienen net alle houten bankjes mear drûch en rûkte it net like fris mear.
It is lang lyn mar de opfang en it omgean mei lytse bern wie der doe ek al.
Net alles fan no is dus nij.

Wa hat der foar bygeande foto ferbetteringen en oanfullingen? Dan dit graach trochjaan oan jboersma207@gmail.com
Wieke Boersma – Buursma

Bron: ingekomen stuk