Jiergearkomste Pleatslik NUT Ferwert en Hegebeintum
De jierlikse jiergearkomste (jaarvergadering) fynt wer plak op freedtejûn 23 oktober, om 20.00 oere yn Cafe 't Hoekje te Ferwert. Op dizze gearkomste sil sprekker Mare Faber-Sloots, de nije kurator fan it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert, ús meinimme yn in ferhaal oer û.o. 'De Terrorist op Amelân'. Wês der by!