In frou fan fiif miljoen yn Grandcafé Ut en Thús

Toanielferiening Pro Rege út Holwert is der wer klear foar om it kommende winterskoft har publyk in jûn hearlik laitsje te litten. Dizze winter spylje sy de klucht “ In frou fan fiif miljoen”, en ha mei dit stik de Fryske première.
It is skreaun troch Pol Anrys en oerset troch Gurbe Dijkstra. Freed 2 novimber ’18 sille sy de earste foarstelling jaan yn Grandcafé Ut en Thús yn Ferwert. Kaarten yn ‘e foarferkeap binne €10,- en kin reservearre wurde by Johanna van der Meij (06-10417860), kaarten oan ‘e seal €12,-


By Swa’ is in restaurant, ergens yn Fryslân en Francois, de eigner, is in poerbêste sjef-kok. Geraldine is syn takomstige frou. Francois kin fan syn omke erve mar allinnich as hy mei Geraldine trout, mar wol Francois wol mei har trouwe?
Hy hat mear each foar Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar sy hat in relaasje mei barman Tom.
Der is allegear argewaasje yn de keuken, nuvere ûngemakjes en de ynspeksje fan folkssûnens dy’t lâns komt. Wat hawwe keukenhulp Isabelle en har suster Albertine by it ein en wa is dy Italiaan dy’t gjin wurd Frysk ferstiet?
In spul fan ferwarring, in kleaune fan yntriges…hoe sil it komme mei Francois syn restaurant?

Nei de premiere yn Ferwert giet Pro Rege mei dit stik de dyk út, novimber is dan ek al folboekt.
Foar mear ynformaasje sjoch op ús Facebookpagina…… as skilje mei Johanna van der Meij, 06-10417860
prorege1