It eardere kafee fan Ferwert stiet sûnt 2016 leech. In entûsjaste partikuliere ûndernimmer hat it leechsteande gebou kocht oan de Haadstrjitte 16 om der in soarchbedriuw fan te meitsjen. Dizze ûndernimmer hat ek it bedriuw soarch-sloperij ‘de Kans’ yn Ljouwert oprjochte, en dizze hat se noch ûnder har wjukken. Foar it gebou yn Ferwert sil in nije bestimming komme, dizze wurdt duorsum renovearre en sa omfoarme ta in soarchgebou der’t 24-oeren soarch mei tafersjoch yn komt.
De eigeneresse fertelt: Op ‘e ûnderferdjipping wolle wy in doarpsfoarsjenning, in iepenbiere moetingsrûmte, en de aktiviteitenrûmte foar deibesteging meitsje. Derneist wurdt it ek in VVV-sintrum. De deibesteging is foar de minsken dy’t der wenje en ek foar minsken dy’t út de omkriten komme. De aktiviteiten en de doarpsfoarsjenning sille it hiele jier trochgean. Foar yn’e moetingsrûmte sykje wy noch frijwilligers dy’t ús wolle helpe by ferskeidene aktiviteiten. Foar no tinke wy oer in putsjesman of frou, ien dy’t wol helpe himmelje, in portier, aktiviteiten begelieders, in telefoanist, in kûpeuze en in kok.
Dan wurre op de earste ferdjipping de wenningen makke foar 5 tot 7 bewenners. De ferbouwing is begûn yn oktober, en se binne fan doel it april 2021 te foltôgjen. As it klear is om te libjen sil der in feestlike iepening wêze.
Us nije plan is posityf ûntfongen troch DBFH, tank foar de noflike gearwurking!
Foar fragen binne wy te berikken op it nûmer: 0627585159 of fia info@zorgsloperijdekans.nl
{igallery id=342|cid=116|pid=1|type=category|children=0|addlinks=0|tags=|limit=0}