Ha jo ek sin om in jûn hearlik te laitsjen? Kom dan freed, 3 novimber nei seal “Grand Cafe Út en thús” Foswert yn Ferwert. Hjir spilet toanielselskip ‘Pro Rege’ út Holwert har bliidspul “Komkommertiid”.
It stik is skrean troch Carl Slotboom en oerset troch Abele Krist.
Der wurdt op in podium spile en alle spilers ha in mikrofoan, dus foar elts goed te sjen en te hearren.
Jo nimme in âld wat ferrûn hotel op it plattelân, mei de nochal stive, úterst korrekte eigenaresse Josefien, en har persoanielslid Frits dy’t leaver lui as wurch is. Twa hotelkeamers mei in sletten tuskendoar mar wol mei in kaaisgat. Ferskate gasten werûnder Marion. Sy is op syk nei rêst om nei te tinken as se wol fierder wol mei de man wer’t se in ferhâlding mei hat. Hans en Claudia o sa fereale, en Gerrit en Marie dy’t in fakânsje wûn ha en foar it earst yn hun 25-jierich houlik op fakânsje binne…..
Dan strúnt der ek noch sjoernalist Bert troch it hotel, op syk nei de perfecte foto.
Dit alles soarget foar keamerferwikselingen, gnuvery troch kaaisgatten en de bemouisucht fan de eigenaresse. In jûn mei in grut oantal betizingen en bryke situaasjes dus it belooft wer in jûn te wurden mei in protte wille!
It begjint om 20.00 oere en de tagongspriis is € 10,- p.p. Nei de foarstelling sil der in ferlotting wêze mei moaie prizen. Tige wolkom!

{loadposition sharethis}