Namme: Marijke van der Velde
Adres: Vrijhof 5
Wenomstannichheden: Wenje hjir mei Theo, Jens en labrador Demi (Lyan wennet sûnt novimber foar een perioade yn Valencia).
- Sûnt wannear wennest yn Ferwert?
Ik wenje hjir sinds 8 july 1989.Theo en ik wennen yn Dokkum en wiene op syk nei een keaphús. We wiene op slag verliefd op dit hûs en plakje. - Bist yn Ferwert berne of mei in spesifike reden nei Ferwert kaam?
Bin mei myn âlders hjir wenje kaam fanút Stiens. Ik wie doe 6 jier. Ha op de Hoofdstrijtte 2 wenne en letter nog twa jier yn de Foswerterstrjitte. Wie toen 18 jier en gie werken en leren en op keamers. - Hoe foldocht it wenjen hjir?
Ik wenje hjir mei hiel folle wille. It is een fijn doarp mei in hiel protte foarsjennings, fijne minsken om ús hinne en tichtby de seedyk! - Kinst wat fertelle oer de wente dêrst yn wennest?
It is een let Middeleeuws hûs, wie earst pastoarshûs, letter Gritenyhûs, Rjochthûs. (gemeentehûs) Fanút it hûs waard der rjocht sprutsen en fanút us wenkeamer werd it jawurd sein. Dat fien ik heel spesjaal. It âldste wat wy fyne kinne oer ús hûs dateart fan 1580. - Wat is dyn favorite plakje yn Ferwert?
It Vrijhof en it útsicht fanof it âlde spoarbaanbregje richting de Burmaniafeart en heuvel.

- Wat soest graach feroarje wolle oan it doarp?
Dat it Hoekje wer iepen giet, de snackbar wer patat ferkeapet en simmers de toeristen net allinnich op it bankje foar ûs hûs mar ek op een moai terras der een bakje dwaan kinne mei een hapke derby. Wat geweldich dat der no fanwegen een groep enthousiaste minsken útsicht op is! - Bist ek lid fan in feriening yn Ferwert?
Ik bin lid fan de PA, it Nut, Iisclub en hoop hiel binnenkoart wer fan de tennisclub. - Wat mist noch yn Ferwert?
Yn it bosk oer de Ljouwerterdyk ferhurde paden en miskien een einefiver? - Hast ek noch leuke anekdoates of oantinkens:
Ferwert stie echt yn de skynwerpers mei de opnames foar Snuf de Hond. Foen it een pear hiele spesjale wiken, ek mei troch dat ús hûs mei die as plysjeburo. We hiene steeds minksen oer de flier, soldaten die by ús de trep del denderden, it frijheidsfeest op it Vrijhof en nog folle mear.
De bewoner die deze maand in de spotlight staat mag de pen doorgeven aan een andere inwoner van Ferwert (geen oud-inwoners). Dit kan natuurlijk iemand zijn die je al goed kent, maar net zo goed iemand die je niet kent. Iemand van wie je altijd al eens wat meer zou willen weten!
Marijke geeft binnenkort aan ons door aan wie zij de pen graag wil doorgeven.
{loadposition sharethis}