OKK spilet “In Moardwykein”

FERWERT – Der wurdt alwer in oantal moannen drok repeteard troch de spilers fan toanielferiening OKK út Ferwert. Dit jier sille sy it blijspul “In Moardwykein” fan Carl Slotboom opfiere op freed 5 en sneon 6 febrewaris oansteande.

Dit jier nimme de spilers hun publyk mei op in yoga-wykein. 5 hiel ferskate froulju komme by Grytzen op’e pleats, mar de kursus rint hiel oars as pland. En as der dan ek noch immen ferdwynt is de tizeboel folslein..

De foarstellings binne op freed 5 en sneon 6 febrewaris 2016 om 20.00 oere yn it Anker. Kaarten binne te bestellen fia kaartferkeapokk@gmail.com. Dizze kaarten lizze dan foar jo klear yn it Anker op’e jûn dy’t besteld is. Foar freed binne der noch mar in pear kaarten beskikber!