Wa wol Amearikanen paadwiis meitsje?

“When researching his family history, Ross Vlietstra from Spring Lake, Michigan, USA, discovered that Ferwert, the birthplace of his grandfather Jelke Vlietstra, was the home of the Vlietstra family for many generations. Ross and his wife Sheryl, are planning to visit Ferwert on May 31, 2018 and wish to hire an English speaking guide who knows the history of Ferwert and who could spend the day with them exploring his family’s hometown. They would love see family homes, gravesites and churches and to meet any Vlietstra relatives that still live in Ferwert”.

Jimme soenen út boppesteande oprop wol in bytsje helje kinne dat in Amearikaansk echtpear fan doel is om op tongersdei 31 maaie 2018 in besite te bringen oan it doarp Ferwert. It binne Ross en Sheryl Vlietstra fan Spring Lake, Michigan. Hja sykje foar dy deis in soarte fan gids dy’t him as har goed rêde kin mei it Ingelsk mar dy’t harren tagelyk ek ek wat paadwiis meitsje kin yn Ferwert en wat wit te fertellen oer de histoarje fan it doarp en de omkriten.Wa’t dêr nocht oan hat en him- as harsels dêrta by steat achtet, kin kontakt opnimme mei Pieter van der Bij, meiwurker Streekargyf Noardeast Fryslân/DDFK, pvdbij@ddfk.nl of 06 – 37451316.

April 2017 kaam der al in earste mail yn soksoarte bewurdingen fan de Vlietstra’s en dy mail hat in wat ommelânske reis makke. Sa bedarre dy fan it buro fan in entûsjaste Marcel Klaverkamp, direkteur fan it Dockinga college, fia boargemaster Wil van den Berg en op it buro fan Hylkje Steen fan Boargersaken hjir op it gemeentehûs fan Ferwert en lang om let by de minsken dy’t oer it argyf geane*.
Yn dat argyf is wol mear te finen oer Vlietstra’s dêr’t dizze Ross streekrjocht neiteam fan is. De pake fan Ross wie in Jelke Vlietstra, berne op 29 jannewaris 1864 yn Ferwert en beppe wie Trijntje Hendriks Fennema (berne 27 juli 1863 ek al yn Ferwert). Ast noch wat djipper yn de famylje dolst docht bliken dat dizze Vlietstra’s hast likefolle by it doarp Ferwert hearre as it Vrijhôf. Want ek Jelke syn âldelju binne beide hikke en tein yn Ferwert: Hendrik Jelmers Vlietstra (fan 12 juli 1834) en Grietje Jochems Visser (4 augustus 1824). Ik wol jimme fierder net al te wurch meitsje mei in brij oan genealogyske gegevens fan dy Vlietstra’s. Dat is foar dit doel minder nijsgjirrich (boppedat kinne jimme it sels ek neisjen op dy moaie website fan de Stifting Erfskipterpdoarpen mei in soad ynformaasje oer de histoarje fan Ferwerderadiel).

Op in stuit is de direkte bân tusken Ferwert en de Vlietstra’s wol in stik minder wurden. Jelke en Tryntsje hienen nammentlik trije bern: Hendrik (boujier 1888), Grietje (fan 1889) en Jelke (1892). En mei Hendrik en Jelke begjint it te donderjeijen want hja hellen it yn ‘e plasse om de Ferwerter klaai te ferlitten en stek dêrnei de grutte dobbe oer nei Amearika. Wat de achtergrûn fan dy emigraasje west hat wit ik net, mooglik dat ik Ross en Sheryl der ris nei hifkje kin. Jelke wie op dat stuit 22 jier en is syn hiele fierdere libben yn Amearika bleaun, yn Grant Rapids en broer Hendrik wenne yn South Dakota, 14.000 km fan him ôf. Alle jierren hienen se in kear kontakt mei elkoar. Doe’t Jelke 71 jier wie en benei 50 jier yn Amearika sitten hat, is er in kear weromkommen nei it heitelân yn ‘e lette maitiid fan 1963. Yn it Friesch Dagblad fan 4 juny 1963 stiet ûnder de rubryk Friesch dagboek (in bytsje it doetiidske Hea foar de kranten) in bysûnder aardich ferhaal oer Jelke syn weromkommen. Ik haw it hjirby dien sa’t jimme dat sels lêze kinne. Mochten der no nei oanlieding fan dit stik noch ferhalen as fierdere oantinkens by jimme opkomme, dan kinne jimme dy fansels hjir mei ús diele.
Om dit ferhaal in bytsje ôf te breidzjen: Jelke wie dus in soan fan Jochem, dy’t op 14 febrewaris ferstoarn is. Op de Gesinskaarten yn it argyf stiet oantekene dat er Griffermeard wie, arbeider fan berop en earst op no. 238a, nûmer 53, 54, 186 en by eintsjebeslút op 182 wenne (en dat lêste is nei it ynfieren fan de strjitnammen Achter Brouwers 6 wurden). Dochter Grietje is wol yn dizze kontreien hingjen bleaun. Hja troude mei Tjisse van der Heide en soenen tegearre mar leafst 10 bern krije. Ien fan dy bern wie in Jochum, postrinner by de PTT. Doe’t Jelke hjir yn 1963 weromkaam hat er by dizze Jochem útfanhuze.
Binne der noch Ferwerters dy’t dizze minsken kennen hawwe of witte wêr’t se bedarre binne? It jonkje op ‘e foto sil der grif ek noch wol wêze?
*Nei de amtlike gearfoeging ta de wurkmienskip DDFK is it Streekargyf ferantwurdlik foar de argiven âlder as 20 jier fan dy fjouwer oansluten gemeenten. Foar histoarysk as stambeamûndersyk soenen jo jo by harren melde kinne: Streekargyf Noardeast Fryslân DDFK, Brokmui 62, 9101 EZ Dokkum 0519 – tel. 0519 – 222853

amearikanen1
Foto 1: Jochem Vlietstra en syn frou Trijntje Hendriks Fennema (links en rjochts)

amearikanen2
Foto 2: Stikje Friesch Dagblad 4 juny 1963

amearikanen3
Foto 3: Ross en Sheryl Vlietstra

amearikanen4
Foto 4: De húshâlding fan Grietje Vlietstra en Tsjisse van der Heide yn 1948 (Tsjisse stiet der net op want dy wie al op 37-jierrige leeftiid ferstoarn, op 6 desimber 1926). De bern binne fan links nei rjochts: Sietske, Jochum (de postrinner), Wieger, Jelke, mem Grietje, Hendrik, Sjoerdje, Tjitske, Trijntje en Pietje.

{loadposition sharethis}