Wennen jo pake en beppe eartiids yn Ferwert?

Wisten jimme dat der eartiids (foar de oarloch) noch gjin strjitnammen wiene yn Nederlân? Sa ek net yn Ferwert. Gewoan, de famylje …. fan nûmer 15 yn Ferwert. Johannes van Dijk hat hjir oer gear west en hat alle hûsnûmers yn Ferwert beneamd, wa ’t der wennen, wat se diene en in ferwizing nei hjoed de dei.

Hy wol jim graach meinimme nei de tiid fan likernôch 1928 en fertelt jim de mear oer, mei prachtige ôfbieldings fan skilderijen fan Sietse Adema en Siemen van der Beek.

Sjoch it hjir: Wennen jo pake en beppe eartiids yn Ferwert?

{loadposition sharethis}